C2000 kin ynfierd wurde

01 des 2004 - 10:57

Nei jierrenlange tarieding en in protte tsjinslach is it hast safier: de ynfiering fan C2000, it nije digitale kommunikaasjesysteem foar de plysje, ambulânses en de brânwacht.

It nije digitale netwurk moat in bettere kommunikaasje tusken de helptsjinsten opsmite. Boppedat binne de ûnderlinge petearen net mear ôf te lústerjen. Oer de hiele provinsje is de dekking fan it nije systeem goed, allinnich by Thialf kin it better.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)