C1000 net super fan 't jier

23 mrt 2004 - 00:00

De C1000 yn Ljouwert is tiisdei net supermerk fan it jier wurden. Mei noch alve winkels wie de Ljouwerter super nominearre. In ûnôfhinklike sjuery hat de winkel foar de ferkiezing beoardiele en goede sifers jûn foar klantfreonlikheid en de farskôfdieling.

Dat wie net genôch om te winnen. De SPAR fan Ternaard wie nominearre foar bêste doarpssuper fan 't jier. Se binne twadde wurden op de ferkiezing troch fakblêd Distrifood.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)