C1000 Drachten yn 2004 wer iepen

28 okt 2003 - 00:00

De ôfbaarnde C1000 supermerk yn 'e Drachtster wyk de Drait giet pas yn jannewaris 2004 wer iepen. By in kontenerbrantsje yn 'e nacht fan 18 op 19 oktober sloech it fjoer oer op de supermerk. De skea is sa grut dat sawol it plafond as de folsleine betriedding fergongen wurde moatte. De supermerk is fersekere tsjin minder ynkomsten as gefolch fan brân.

Njonken de C1000 ha ek in bank, in Sinees restaurant en in bakker skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)