Bytskylpod wer thús

15 sep 2009 - 12:31
  • De bytskylpod is wer yn Ljouwert

De gefaarlike bytskylpod dy't ferline moanne ûntsnapt wie yn de omkriten fan Diever sit op it stuit yn Ljouwert. Meiwurkers fan reptilegruthannel Repticura yn Ljouwert hienen al earder in sykaksje hâlden.

Moandei koenen se it bist nei in tip fan de eigner frij maklik fange. Ek al hat de bytskyldpod trije wiken los omrûn, hy hat net ien biten. Mar sels mist de skylpod wol in tean. Yn Diever en omkriten kinne se dus wer rêstich sykhelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)