Bytsje ynsprekkers yn Marsum

15 jan 2009 - 06:09

Der wie net in soad belangstelling foar de earste ynspraakjûn oer de ynfiering fan Fryske plannammen yn de gemeente Menameradiel. Der wiene yn Marsum mar goed 25 minsken op de gearkomste en dat wiene benammen riedsleden, ûndernimmers en minsken fan doarpsbelangen. Om foar de oare fjouwer gearkomsten mear minsken te lûken, sil de gemeente besykje de bewenners wat better te ynformearjen oer de gearkomsten en de ynhâld fan de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)