Bytsje stimmers yn Britsum

10 jun 2004 - 00:00

De Europeeske ferkiezings binne tongersdei foar in grut part foarbygien oan Britsum. Om fiif oere hiene yn it doarp boppe Ljouwert noch mar 160 fan de 810 stimgerjochtichden gebrûk makke fan it kiesrjocht. Dat barde tradisjoniel mei it reade potlead.

Ljouwerteradiel is mei Eaststellingwerf en Kollumerlân ien fan 'e lêste gemeentes, dy't noch net gebrûk makket fan 'e stimkompjûter. Britsum sil it gemiddelde fan 30 persint net helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)