Bytsje oanmeldings enerzjydei

03 apr 2009 - 16:04

De provinsje is bot teloarsteld oer it tal oanmeldings út it bedriuwslibben foar in dei oer alternative brânstoffen. De dei wurdt hâlden op 10 april, krekt omdat it bedriuwslibben inisjatyf fan de provinsje ferwachtet.

Bygelyks foar de oanlis fan fulstasjons foar auto's op ierdgas. Mar no binne der mar tsien bedriuwen dy't har oanmeld ha om der mei de provinsje oer te praten. Der soe te min reklame foar de dei makke wêze en ek de datum 10 april is net gaadlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)