Bytsje folk by politike merk

04 jun 2009 - 06:58

In politike merk yn Damwâld hat woansdei tsien belangstellenden lutsen. Dat is flink minder as dêr't de organisaasje op hope hie. De merk yn it gemeentehûs wie organisearre om minsken waarm te meitsjen foar it wurk as riedslid. De sân partijen dy't al yn de ried sitte, hâlden in presintaasje en ek wie der in film te sjen oer it wurk as riedslid.

De jûn waard ôfsletten mei in merk dêr't de besikers har ynformearje litte koene troch de partijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)