Bytsje Bistedei yn Ie en Eanjum

04 okt 2001 - 00:00

Op basisskoalle De Eker yn Eanjum gong Bistedei dit jier oer. Foar de bern in grutte teloarstelling, mar de tongblier leit noch sa farsk yn it ûnthâld dat de skoallieding derfan ôfsjoen hat.

Yn Ie wie it tongersdei wol in fleurige bisteboel op basisskoalle De Gearing. Kealtsjes, skiep en geiten wiene der net te sjen, mar wol pony's, kninen, hinnen en sels in skyldpod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)