Bytsje betrouwen yn kabinet

20 sep 2011 - 17:30

In lytse santich prosint fan de Friezen hat gjin fertrouwen yn it kabinet Rutte. Dat is heger as yn de rest fan it lân. Se jouwe it kabinet it rapportsifer 5,4. Dat docht bliken út ûndersyk fan tillevyzjeprogramma EenVandaag ûnder 526 Friezen. Dat jildt ek foar premier Mark Rutte. Hy krijt in 5,5.

De Friezen fine dat it kabinet net besunigje mei op de soarchpreemje en it basispakket yn de soarch. Der mei al skrast wurde yn it tal amtners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)