Bytsje animo GGD-sûnensenkête

27 jul 2010 - 21:42

Friezen hawwe net echt belangstelling om de sûnensenkête fan de GGD Fryslân yn te foljen. Sels in werinneringsberjocht fan de GGD hat net holpen. Minder as de helte fan de Friezen tusken de 19 en 64 jier hat it formulier weromstjoerd.

De respons fan de minsken boppe de 64 jier wie wol better: goed 67 prosint. GGD Fryslân hie yn totaal hast 12.000 formulieren ferstjoerd. Mei de enkête wol GGD Fryslân in better sûnensbelied foar de provinsje meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)