Bysûndere wenten yn Reduzum

20 okt 2008 - 12:11

Yn Reduzum wurde ynkoarten 12 bysûndere wenten oplevere. Yn de nije huzen oan De Terp yn it doarp binne ferskate maatregels nommen dy't de huzen tige enerzjysunich meitsje. De wenningen binne ekstra isolearre en wurde ferwaarme troch ierdwaarmte.

Op de dakken binne sinnekollektoaren befêstige foar it ferwaamjen fan wetter en de strjitferljochting yn de wyk is basearre op LED-ferljochting. De bewenners krije kommende woansdei útlis oer duorsum wenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)