Bysûndere ûnderskiedings fûn yn argyf fan Gerbrandy

08 sep 2015 - 12:15

Yn it argyf fan oarlochspremier Pieter Sjoerds Gerbrandy binne bysûndere ûnderskiedings út Pakistan en Ingelân fûn. De argyfstikken binne ôfkomstich fan syn pakesizzer Piet Gerbrandy. Moandei waard bekend dat hy it argyf skonken hat oan it histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar yn Ljouwert.

De kolleksje datearret foar it grutste part út de perioade fan de Twadde Wrâldoarloch.

Tusken de argyfstikken sitte ek aansichtkaarten ferstjoerd fanút de hiele wrâld foar syn frou Hendrina Elisabeth Sikkel en in portretfoto dy't hy fan keninginne Juliana krigen hat.

Pieter Sjoerds Gerbrandy libbe fan 1885 oant en mei 1961.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)