Bysûndere swarte fisk op Skylge

14 feb 2002 - 00:00

In bysûndere fisk is fan 'e wike oanspield op it strân fan Skylge. It bist is hielendal swart en wurdt dêrom ek swarte fisk neamd. De soart libbet gewoanwei yn de Atlantyske Oseaan en de Middellânske See. It bist hat net folle kâns fan oerlibjen yn de Noardsee, en wie al dea doe't er oantroffen waard.

Foar safier't bekend is, wie it de earste swarte fisk op Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)