Bysûndere stikelbaarch yn De Fûgelhelling

13 okt 2015 - 14:36
  • In stikelbaarch yn De Fûgelhelling
  • In gewoane stikelbaarch

De Fûgelhelling yn Oerterp wurdt op dit stuit oerstreamd troch jonge stikelbargen. Der sit ien bysûnder eksimplaar by; it giet nammentlik om in ûnkende soart. It bist hat in gruttere snút, gruttere earen en stiet heger op de poaten as gewoanwei.

Minsken bringe de jonge bistjes massaal nei de biste-opfang. Yn de measte gefallen binne de jonge stikelbargen harren mem kwytrekke om't it nêst fersteurd is troch minsken dy't de tún oprêde.

Der wurde yn Oerterp 35 sikelbargen opfongen. Meiwurkers fan de Fûgelhelling fersoargje de bisten om se sa gau mooglik yn groepkes út te setten. Dan kinne de stikelbargen har op de wintersliep tariede. Der komme by de Fûgelhelling ek in soad fersiken binnen fan minsken dy't de stikelbargen graach yn 'e tún ha wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)