Bysûndere skelp op Amelân

29 des 2005 - 12:25

Op it strân fan it Amelân is by Peal 3 in seldsume skelp fûn. It giet om in saneamde fossile klep fan de Bonte Mantel, de Chlamys Varia.

It bysûndere eksimplaar is op de westkant fan it eilân fûn troch Timo Mank fan Galerie Dit Eiland. Dêr wurdt de skelp ek tentoansteld. Fan 1990 ôf is de Bonte Mantel pas sân kear yn Nederlân oantroffen. De skelp is ek te sjen op www.diteiland.nl

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)