Bysûndere seehûn oanspield

07 sep 2006 - 06:31

Op de seedyk tusken Harns en Surch is it wykein in seehûn fûn troch in kuierder. It giet om in jonge sadelrob út de Wite See boppe Noarwegen. It bist is oerbrocht nei Pieterburen.

Yn de kresj dêr hawwe se noch nea sa'n jong hân. Wol hawwe se âldere sadelrobben opfongen dy't út Kanada en Newfoundland oer de oseaan yn Europa oanspielden. De sadelrob is yn april berne op it iis yn de see benoarden Noarwegen en Ruslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)