Bysûndere ring nei It Amelân

30 jul 2014 - 20:14
  • Bysûndere ring werom nei It Amelân

In bysûndere gouden ring út de 16e ieu, fûn op It Amelân, is nei lang omswalkjen werom op it eilân. Yn 2012 waard de ring fûn yn in stik greide by Ballum. De finer sette syn fynst op ynternet, dêr't de ring al rap ûntdutsen waard troch de Stifting Amelander Musea.

Dy besocht de ring werom te krijen nei it eilân, mar hie net genôch jild. Doe't de ring by in feiling fan eigener wiksele, stie dy wol iepen foar de fraach fan it museum. De ring is fan 5 augustus oant en mei ein novimber 2014 te sjen yn it Sorgdragermuseum yn Hollum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)