Bysûndere reis troch Fryslân

11 jun 2014 - 21:46

Op De Rottefalle is woansdei in echtpear út it Brabânske Uden oan in bysûndere reis begûn. Sy is 75 en hy is 83 en sy farre yn in selsmakke sinneboat by hast alle alve stêden del. Hiel hurd giet it net, 3 kilometer yn de oere, mar dat fine sy moai.

Christoffel Stephanus Moerer moast it der noch wol eefkes mei de frou oer hawwe oft it tochgean koe, want sy binne al aardich op leeftijd, mar it giet oan! De sinneboat is gjin grutte boat en de oerkaping bestiet út doek en plestik. Dochs sliepe sy gewoan oan board.

It is de twadde kear, want de earste kear wie it noardlik part fan de rûte noch net befarber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)