Bysûndere orchidee op Skylge

18 jul 2013 - 11:53

Op Skylge is de beskerme orchideeësoart 'bijenorchis' fûn. It is foar it earst dat de bysûndere plant op in Frysk Waadeilân oantroffen is. De blom komt benammen foar yn it suden fan Nederlân, mar hy waard yn 2002 ek sjoen op Teksel.

Mei de komst fan de bijenorchis stiet it totaaltal orchideeën, oftewol planten út de kaaiblomfamylje, op Skylge op fjirtjin. De bijenorchis is nei in bij neamd, omdat it ûnderste blombledsje fan de pant op in hunningbij liket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)