Bysûndere mûs op Skylge

13 jan 2003 - 00:00

Op Skylge is in bysûndere mûzesoart fûn. It giet om de ierdmûs, dy't wol op bygelyks Texel en it Amelân foarkomt, mar noch nea op Skylge sinjalearre is. It is in soart wrotmûs mei in koarte sturt en in stompe snút.

De mûs waard dea fûn yn de buert fan de haven. Mooglik is it bist meireizge op in skip. It is net dúdlik oft der ek libbene ierdmuzen foarkomme op Skylge. Foar de rest fan Nederlân is it bist net seldsum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)