Bysûndere kursus op Skylge

06 feb 2001 - 15:39

Minsken dy't bûtsiker wurde wolle, kinne dat tenei leare. De Folkshegeskoalle Skylge biedt yn maart in kursus 'Strandjutten' oan.

Under lieding fan betûfte bûtsikers leare de kursisten wannear't de kâns op bysûndere fynsten it grutst is. Soks hinget bygelyks fan 'e wynrjochting ôf. Ek leare de kursisten sterke ferhalen te fertellen oer harren speurtocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)