Bysûndere klus Haitsma beton

05 feb 2014 - 14:55

It bedriuw Haitsma beton yn Koatstertille hat de opdracht krigen om de betonnen lizzers te meitsjen foar de 13 fiadukten oer de N381, de dyk tusken Drachten en de grins mei Drinte. Dy 80 kilometerdyk feroaret yn in 100-kilometerdyk. Tusken Drachten en Donkerbroek wurdt dy fjouwerbaans. Bysûnder oan de opdracht is dat de lizzers oan de bûtenkant yn it swart útfierd wurde. Dêrfoar wurdt swarte kleurstof troch it beton dien. De ferwachting is dat it meitsjen fan de lizzers nei de boufak begjint. It wurk rint troch oant begjin takom jier.

Foar Haitsma komt de opdracht op in goed momint. Memmebedriuw Ballast Nedam makke woansdei krekt bekend dat der 150 banen skrast wurde, omdat der ferline jier hast 30 miljoen ferlies west hat. Foar Haitsma hat it baneferlies gjin gefolgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)