Bysûndere klok Skipfeartmuseum

12 maaie 2007 - 16:44

It Frysk Skipfeartmuseum yn Snits hat in bysûndere nije klok yn de kolleksje. De steande klok is makke om 1760 hinne yn Grou troch de ferneamde klokmakker Johannes_Andrys. Hy krige de opdracht fan Willem Augustijn van Sloterdijk. Dy hat de klok jierrenlang op syn jacht hân.

In neikommeling fan 'e 18e-ieuske regint hat de klok skonken oan it museum. De ôfrûne wiken is de klok opknapt en no stiet er achter glês.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)