Bysûndere kealtsjes berne

15 maaie 2006 - 09:59

Op it praktysksintrum Nij Bosma Zathe yn Goutum binne twa bysûndere kealtsjes berne. It binne de earste keallen út in krusingsproef. Holstein Frisiankij binne ynsemineard mei sperma fan Fleckvieh bollen.

Yn de proef wurket Nij Bosma Zathe gear mei in Eastenryks bedriuw. Op sân oare bedriuwen yn Nederlân wurde ek sokke kealtsjes opfokt. Doel is om te sjen oft de krúslingen mear molke jouwe as de Holsteiners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)