Bysûndere fynst yn Winaam

12 maaie 2014 - 12:15
  • De riemgasp dy't fûn is by Winaam
  • De riemgasp dy't fûn is by Winaam

Yn Winaam is ferline jier in bysûndere riemgasp fûn. De fynst troch Eelke Algra is no pas bekend makke. De riemgasp is neffens amateur-argeolooch Jan Zijlstra út Ljouwert de manlike tsjinhanger fan de fibula. It is it bewiis dat der ek in manlike elite wie yn Winaam neffens Zijlstra. De riemgasp komt út de sânde ieu.

Hy leit op it stuit yn it depot fan it Frysk Museum, mar sil yn de takomst te sjen wêzen yn it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)