Bysûndere fûgels op Skier

16 okt 2000 - 10:52

Op Skiermûntseach binne sneon twa bysûndere fûgels oantroffen. Yn de dunen by de Kooipleats is de feale lyster ûntdutsen. De fûgel dy't syn aaien yn Siberië leit, is nei 1900 seis kear yn Nederlân sjoen.

Yn itselde dúngebiet waard noch in 'izabeltapuit' sjoen. Dy fûgel is sûnt 1900 mar trije kear yn it lân sinjalearre. It eilân leit op de rûte fan de trekfûgels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)