Bysûndere flinter op Gryn

14 aug 2007 - 14:56
  • De stippelrietboorder fan Gryn

Fûgelwachter Date Lutterop hat nachts op it eilân Gryn in hiel bysûndere nachtflinter fûn. It giet om de stippelrietboorder, in flinter dy't foar it lêst yn de jierren '50 fan de foarige ieu waarnommen is yn Nederlân. Dat wie doe yn de Alde Feanen.

De stippelrietboorder is yn july by in ynvintarisaasje fûn. Der binne op Gryn wol 200 flintersoarten. Dat komt omdat flinters goed fleane kinne en sa op it eilân bedarje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)