Bysûndere fazen foar museum

23 nov 2004 - 16:48

It Frysk Skipfeartmuseum yn Snits hat op in feiling trije bysûndere fazen keapje kinnen. De feiling wie by Christie's yn Amsterdam. De fazen binne Delfts blau, mar ha in Snitser achtergrûn en der steane ôfbyldings op fan ûnder oare in skipper mei de namme Ofke Theunis. En dy kaam út Snits.

In Snitser partikulier stelde it museum yn steat om de fazen te keapjen en restaurearre te litten by Tichelaar yn Makkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)