Bysûndere fangst: in steur

09 sep 2004 - 12:12

Foar it earst yn 36 jier is yn de Iselmar by Makkum in steur fongen. De bruorren Van Malsen fongen de fisk fan 83 sintimeter, wylst se foar har wurk op bears en snoek oan it fiskjen wiene. Se ha de fisk earst mei nei hûs naam en letter wer frijlitten.

Neffens it Nasjonaal Natuerhistoarysk Museum Naturalis yn Leiden is de fangst hiel bysûnder. Foar 1955 kaam de steur faak foar. Dêrnei hie de soart te lijen fan wetterfersmoarging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)