Bysûndere earmbân fûn yn Snits

17 jun 2014 - 07:17
  • De bysûndere brûnzen earmbân, dy't fûn waard by Snits
  • It plak fan de opgravings by Snits

By opgravings by Snits is tiisdeitemoarn in bysûndere brûnzen fergulde earmbân fûn. Neffens Gilles de Lange giet it om in museumstik. De opgravings wurde dien op it plak dêr't de nije wenwyk Harinxmaland komme moat. It Grinzer Institút foar archeology docht ûndersyk nei in 2000 jier âlde terp yn it gebiet. De omkriten fan Snits soene al 2000 jier bewenne wurde. De ferwachtings wiene heech en de meiwurkers wiene dan ek optein oer dit bysûndere resultaat.

De opgravings duorje noch twa wiken. Op 28 juny is der in iepen dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)