Bysûndere brieven fûn yn St. Nyk

22 apr 2005 - 10:40

Yn kafee De Hoeke yn Sint Nyk binne by in ferbouwing mear as 50 jier âlde brieven en in fleske jenever foar it ljocht kaam. De brieven wiene eartiids skreaun troch de kastlein en ynmitsele by in ferbouwing.

Yn 'e brieven stiet beskreaun wa't doe meiwurke oan de ferbouwing en wat de drankprizen 50 jier lyn wiene. De frou fan de eardere kastlein libbet noch en wist fan it geheim. Se hie net ferwachte it guod ea wer te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)