Bysûndere bile fûn by Drachten

16 mrt 2009 - 09:35

Elizabeth Chafe út De Pein hat ôfrûne wike in unike bile fûn by Drachten. Dat die sneon bliken op in determinaasjedei yn it IIstidemuseum yn Bûtenpost. De fynst is neffens meiwurkers fan it museum bysûnder, omdat de bile net in soad foarkomt yn de Fryske Wâlden, moai slipe is en makke is fan in moaie balstien.

De bile waard yn 'e tiid fan 'e hunebêdbouwers en ek letter meijûn as jefte by it begraven fan 'e deaden. De bile sil meikoarten útstald wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)