Bysûndere besite Planetarium

24 okt 2014 - 21:32
  • It Eise Eisinga Planetarium fan Frjentsjer

Sa'n fjirtich bûtenlânske wittenskippers hawwe freedtejûn in besite brocht oan it Planetarium yn Frjentsjer. It wie de ôfsluting fan in twa dagen duorjende konferinsje oer de Stjer fan Betlehem dy't troch de Ryksuniversiteit fan Grins organisearre waard.

Stjerrekundigen, filosofen en teologen hâlde har al ieuwen dwaande mei de stjer dy't boppe de stâl skittere dêr't Jezus berne waard. Guon wittenskippers miene dat de stjer der wurklik west hat en wolle dat bewize mei stjerrekundige mjitmetoaden.

Oare wittenskippers binne der wer fan oertsjûge dat de stjer as symboal foar de berte fan Jezus sjoen wurde moat. De konferinsje waard holden yn it ramt fan it 400 jierrich bestean fan de universiteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)