Bysûnder wykgebou foar Bilgaard

13 jun 2006 - 11:23

De ferneamde arsjitekten Albers en Van Huut hawwe in nij wykgebou foar de Ljouwerter wyk Bilgaard betocht. In amfiteater mei in boarterstûn deromhinne moat temjitte komme oan it grutte ferlet oan romte foar wykaktiviteiten.

It gebou kostet 1 miljoen euro en moat draaie op ynkomsten fan ferhier. De Bilgaardsters woene graach in bysûnder ûntwerp om wat kleur te jaan oan 'e wyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)