Bysûnder transport op paad

09 mrt 2011 - 22:21

Fan it terrein fan FIB Industries BV yn Ljouwert is woansdeitejûn in bysûnder transport ôfset nei it Dútske Krefeld. Op in lange trailer wurdt in ynstallaasje fan 36 meter lang ferfierd. Opdrachtjouwer is in Dútsk gemybedriuw.

It ferfier fan it gefaarte wurdt fersoarge troch Vellema Transport út Ljouwert. It bedriuw hat fiif moannen oan de tariedings foar it bysûndere kerwei wurke. Sa moasten allerhande fergunnings oanfrege wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)