Bysûnder transport mei skip

05 aug 2011 - 15:56

In bysûnder transport is freedtemoarn Ljouwert útfearn. In saneamde absorbsjekolom fan 31 meter lang en hast acht meter yn trochsneed is foar it ferfier op in grut skip takele. It gefaarte is makke troch it Ljouwerter stielbedriuw FIB Industries. It is bedoeld foar gemybedriuw Chemiepak yn Moerdijk.

In 93 meter lang skip mei de ynstallaasje fart freed rjochting De Lemmer en stekt dan de Iselmar oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)