Bysûnder transport fart wer

13 sep 2012 - 10:04

It bysûnder transport nei It Amelân mei oan board in navigaasjebrêge mei stjoerhut fart wer. It skip hat by Skiermûntseach fêstlein op it wantij. It ûnderdiel oan board is fan de âlde fearboat Sier. It soe tongersdei nei it seemuseum Abraham Fock yn Hollum brocht wurde. Dat wurdt no in dei letter, as alles goed giet.

De skipsbrêge mei stjoerhut is 14 meter lang en waacht 25 ton. Hy sil brûkt wurde om toeristen yn it museum sjen te litten hoe't it is om op in fearboat oan it roer te stean.

De skipsbrêge wurdt ferfierd op in frachtwein dy't op fearboat De Monnik stiet. De âlde Sier hat ûnder de namme Rottum ek op Skiermûntseach fearn. Der is no in nije Sier, dy't tegearre mei oerfarder It Oerd minsken en auto's oerset nei It Amelân.

De rûte fan Skiermûntseach nei It Amelân sit in soad ûndjippe stikken yn. It skip kin dêr ek oan 'e grûn rinne. It transport begûn yn Delfsyl. It skip fart oer it Waad ûnder de eilannen troch nei It Amelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)