Bysûnder skip yn Makkum boud

24 des 2007 - 17:02
  • it skip wurdt boud by Bloemsma Aluminiumbouw

Yn Makkum wurdt it grutste syljacht boud dat oait yn Fryslân makke is. It giet om in J-klasser fan goed 44 meter.

It is ek bysûnder omdat sa'n skip net mear boud is sûnt de 30-er jierren. Der binne mar njoggen skippen fan dit type makke. It skip yn Makkum wurdt nûmer 10 en it earste dat folslein fan aluminium wêze sil. Yn 2009 moat it klear wêze. De kosten binne goed acht miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)