Bysûnder skilderij nei Harns

01 feb 2011 - 19:47

Museum it Hannemahûs yn Harns hat in bysûnder skilderij bemachtige. It giet om in oaljeferfskilderij fan Fokke Stapert, in achttjinde-ieuske skilder út Harns.

It wurk Doktersvisite dûkte op by in feiling yn Berlyn en it Hannemahûs wie fuort ynteresseard. It museum krige it foar 3500 euro yn hannen. It is dizze wike ophongen sadat it no foar elk te besjen is. Fan Stapert binne mar trije wurken bekend, de oare twa hingje yn it Fries Museum en by in partikulier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)