Bysûnder muzykstik yn Aldegea

28 feb 2008 - 22:28

De provinsje hat 6000 euro skonken oan de fanfare 'Eendracht maakt macht' fan Aldegea (W) foar it komponearen fan in muzykstik. It stik is bysûnder omdat it opdroegen wurdt oan Nellie Heeringa-De Jong. Sy wie lid fan de feriening en is twa jier lyn ferstoarn.

De titel is noch net bekend makke, mar de komposysje wurdt 29 novimber op it 110-jierrich jubileum foar it earst útfierd troch it korps.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)