Bysûnder ipebosk De Jouwer

25 nov 2010 - 23:16

Fryslân krijt der in attraksje by. It grutste ipebeam-arboretum fan Europa komt by De Jouwer, oan de A7 rjochting Snits. Yn it beammepark wurde allinnich mar ipebeammen plante, mar dan wol ferskillende soarten. Dy wurde fanút alle hoeken fan de wrâld nei De Jouwer tahelle.

It is in projekt fan de Ipewacht yn gearwurking mei de gemeente Skarsterlân en Boomkwekerij Tonsel út Dronten en BTL Bomendienst Apeldoorn. Der wurde earst 40 soarten oanplante.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)