61 izelslachtoffers yn sikehûs MCL

05 jan 2016 - 21:48

It wie tiisdei bysûnder drok by de ôfdielings spoedeaskjende help fan de Fryske sikehuzen. De sikehuzen hawwe mei-inoar tsientallen minsken holpen dy't troch de izel in ûngelok krigen. By de ôfdieling spoedeaskjende help fan it Medysk Sintrum Ljouwert kamen 61 minsken mei brutsen bonken. Guon dêrfan hiene ek in harsenskodding as gefolch fan in falpartij.

It sikehûs rôp ekstra meiwurkers op fanwege de grutte drokte.

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten krige tiisdei trettjin slachtoffers fan falpartijen binnen, sikehûs Tjongerschans fan It Hearrenfean tsien. Minsken dy't in ôfspraak hawwe yn it sikehûs mar leaver net reizgje wolle krije fan de sikehuzen it advys om de ôfspraak te fersetten.

It MCL tinkt dat it woansdei ek in drokke dei wurdt. Meiwurkers fan it sikehûs foar wa't it lestich is om moarns op tiid op it wurk te kommen hawwe de mooglikheid om yn it sikehûs te oernachtsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)