Bysûnder badeintsje fûn

18 jul 2003 - 00:00

De Skylger fisker Tjaard de Wit hat fannewike mei syn boat in bysûndere fynst dien. It giet om in badein, mar net samar ien. De Wit is der fan oertsjûge dat it ien fan de 29.000 eintsjes is dy't yn 1992 mei kontener en al by in stoarm yn de Stille Oseaan telâne kaam binne.

De badeintsjes binne no al alve jier ûnderweis. Se waarden yn 2000 by Yslân fûn. Oseanologen leare troch de einen in protte oer seestromingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)