Bysûnder âld skip op Skylge

04 sep 2007 - 10:12

Op 'e rêdingboatdagen op Skylge is freed en sneon in bysûnder skip te sjen. It giet om in Skillinger, in Ingelsk fiskersskip út 1854. Dêrmei waard yn 'e njoggentjinde ieu yn de Noardsee boppe it eilân in soad fiske op oesters.

Der is noch mar ien Skillingerskip oer, yn Ingelân. It goed 23 meter lange skip is troch frijwilligers restaurearre. It komt op fersyk fan museum it Behouden Huys nei Skylge ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)