Byron Kurt peddelet it bêst

05 sep 2009 - 15:57

De Amerikaan Byron Kurt hat sneon de earste Stand Up Paddle Alvestedetocht wûn. Hy wie de rapste fan achttjin atleten dy't yn fiif dagen steande op in surfplank lâns de Fryske stêden peddelen. Stand Up Paddle is in sport dy't út Hawaii komt.

Nei de earste dei hie Kurt al in foarsprong. Ien fan 'e dielnimmers helle de finish net. It wie foar it earst dat yn dizze sportdisipline in Alvestêdetocht dien waard. Takom jier wurdt de wedstriid wer organisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)