Byprate oer bou Provinsjehûs

11 nov 2008 - 10:55
  • It âlde Provinsjehûs moat ferboud wurde

Provinsjale Steateleden wurde woansdei bypraat oer de oansteande ferbouwing fan it Provinsjehûs. Deputearre Schokker fertelt oft de oanbesteging foar it grutte projekt slagge is. It giet der dan benammen om oft de fer- en nijbou fan it Provinsjehûs dien wurde kin foar de 69 miljoen dy't de Steaten dêrfoar beskikber steld hawwe.

De gemeenteried fan Ljouwert wurdt woansdeitejûn op 'e hichte brocht fan de bouplannen. Dat sil wêze yn in sletten bijienkomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)