Byldtelefoan yn Bilgaard

15 sep 2008 - 12:55

Moandei is in proef út_ein_set mei in byldtelefoan yn de Ljouwerter wyk Bilgaard. It is dêr no op guon plakken mooglik om elkoar ûnder it beljen te sjen. De minsken hawwe dan in kameraatsje en in byldskerm op ´e telefoan.

De telefoan is in inisjatyf fan Stichting Welzijn Leeuwarden en is bedoeld as helpmiddel foar minsken dy´t net goed mear de doar út kinne. Der binne no 16 dielnimmers. Minsken dy´t yn Bilgaard wenje, kinne harren noch oanmelde foar sa´n telefoan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)