Byldsje socht fan Siepie de kat

31 jul 2003 - 00:00

De 13-jierrige autistyske Vincent fan Froubuorren mist sûnt ôfrûne moandei syn túnbyldsje fan Siepie de kat. Vincent is der hielendal ôf. De kat hat grutte emosjonele wearde foar de jonge.

Syn mem hat in sykaksje foar him op tou set. Oeral yn it doarp hingje oproppen om it byldsje werom te bringen. De dieder mei it byldsje sels anonym werom bringe, sa graach wolle se it werom ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)