Byldewacht foar keunstwurken

21 jan 2008 - 11:28

Der is in soad belangstelling foar de spesjale byldewacht fan Keunstwurk. De wacht is opset om gemeenten te helpen by it ûnderhâlden fan keunstwurken as bylden en fonteinen.

Neffens Keunstwurk is in grut part fan de goed tûzen keunstwurken fertutearze. Al 13 gemeenten ha belangstelling toand foar de wacht. Konkrekte ôfspraken binne der noch net, om't earst de polityk yn de gemeenten der noch oer te set moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)